PC Franeker 2018


Omroep Friesland

De Nederlandse vertaling staat onderaan.

 

Ek dit jier is De Bogt fen Guné it toaniel fan fjouwer PC Kafees. Dizze simmer wurkje Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn dêryn gear. Trije fan de útstjoeringen binne by de lokale stjoerder Radio Eenhoorn te hearren op 27, 28 en 29 july. In dei foar de PC, op tiisdei 31 july, wurdt de rige ôfsletten by Omrop Fryslân op de radio.

Op inisjatyf fan it PC bestjoer is der kontakt lein tusken Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn om de opsjes foar de, yn totaal fjouwer, PC Kafees te besjen. Mei sukses: op freed 27 july, om 18.00 oere, en op 28 en 29 july, om 11.00 oere, is it PC Kafee live te hearren by Radio Eenhoorn. Op 31 july is it PC Kafee fan 19.00 oere ôf op de radio te hearren by Omrop Fryslân.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker en projektmanager Jacqueline Spendel fan Omrop Fryslân binne tige optein oer de gearwurking. “It is prachtich dat op dizze wize alle partijen in boppeslach meitsje. Dêrnjonken is it foar de Omrop en Radio Eenhoorn in moaie oanlieding om fierder te praten oer strukturele gearwurking tusken beide stjoerders.”

Foarsitter fan Radio Eenhoorn,Tinus Boomstra: ”Radio Eenhoorn is de keatsstjoerder fan Fryslân, dêr past it PC Kafee hiel goed by. De gearwurking mei Omrop Fryslân wurdt dêr allinnich mar better fan en dêr binne wy bliid mei.”

Geert van Tuinen sil alle fjouwer PC Kafees presintearje en gearstalle. Hy is foar de earste trije PC Kafees wer werom by de radiostjoerder dêr’t it foar him allegearre begûn as programmalieder yn 1987. Hy seit dêroer: ”Ik fyn it hartstikke moai dat ik mei trije fan de fjouwer PC Kafees werom bin by Radio Eenhoorn. It stasjon dat ik ea noch sels oprjochte haw.”

PC Frjentsjer 2018
Sa as alle jierren is de lotting fan de PC op moandei 30 july live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. De taspraak fan PC foarsitter Ids Hellinga, foarôfgeand oan de keatspartijen op 1 augustus, is te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Oanslutend binne te keatspartijen te folgjen op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.


Omroep FrieslandOok dit jaar is De Bogt fen Guné het toneel van vier PC Kafees. Deze zomer werken Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn hierin samen. Drie van de uitzendingen zijn bij de lokale zender Radio Eenhoorn te horen op 27, 28 en 29 juli. Een dag voor de PC, op dinsdag 31 juli, wordt de serie afgesloten bij Omrop Fryslân op de radio.

Op initiatief van het PC bestuur is er contact gelegd tussen Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn om de opties voor de, in totaal vier, PC Kafees te bekijken. Met succes: op vrijdag 27 juli, om 18.00 uur, en op 28 en 29 juli, om 11.00 uur, is het PC Kafee live te horen bij Radio Eenhoorn. Op 31 juli is het PC Kafee vanaf 19.00 uur op de radio te horen bij Omrop Fryslân.

Hoofdredacteur Klaas Geert Bakker en projectmanager Jacqueline Spendel van Omrop Fryslân zijn opgetogen over de samenwerking. ”Het is prachtig dat op deze wijze alle partijen een ‘boppeslach’ maken. Daarnaast is het voor de Omrop en Radio Eenhoorn in mooie aanleiding om verder te praten over structurele samenwerking tussen beide zenders.”

Voorzitter van Radio Eenhoorn, Tinus Boomstra: ”Radio Eenhoorn is de kaatszender van Fryslân, daar past het PC Kafee heel goed bij. De samenwerking met Omrop Fryslân wordt daar alleen maar beter van en daar zijn wij blij mee.”

Geert van Tuinen gaat alle vier PC Kafees presenteren en samenstellen. Hij is voor de eerste drie PC Kafees weer terug bij de radiozender waar het voor hem allemaal begon als programmaleider in 1987. Hij zegt daarover: ”Ik vind het hartstikke mooi dat ik met drie van de vier PC Kafees terug ben bij Radio Eenhoorn. Het station dat ik ooit nog zelf heb opgericht.”

PC Franeker 2018
Zoals elk jaar is de loting van de PC op maandag 30 juli live volgen bij Omrop Fryslân op de radio. De toespraak van PC voorzitter Ids Hellinga, voorafgaand aan de kaatspartijen op 1 augustus, is te zien op televisie, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Aansluitend zijn de kaatspartijen te volgen op radio, televisie, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie van Omrop Fryslân: 058 299 7876.


 

Post Author: admin

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *