Wethouder FNP voorgedragen

Met trots kunnen wij als partij vandaag meedelen dat de heer Durk Stoker onze nieuwe kandidaat wethouder geworden is. De FNP was op zoek na een nieuwe kandidaat omdat een paar week geleden één van onze wethouders, Johannes van er Pal, aangaf te willen stoppen.

Durk Stoker is opgroeit in Joure en is een politiek persoon met veel ervaring. Tot de verkiezingen van november 2017 was hij wethouder in de gemeente Zuidwest-Friesland.

Overigens is Durk Stoker voorzitter van de landelijke partij OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie) en is op dit moment fractievoorzitter FNP in Zuidwest-Friesland.

“Binnen onze partij zijn we erg blij met Durk Stoker, hij is de juiste persoon op het juiste plaats”, zegt bestuursvoorzitter Wouter Wouda.

De gemeenteraad moet nu zeggen wat zij er van vinden…
=====================

Ald Jouster foardroegen as nije FNP wethâlder

Mei grutskens kinne wy as party hjoed meidiele dat de hear Durk Stoker ús nije kandidaat wethâlder wurden is. De FNP wie op syk nei in nije wethâlderskandidaat omdat in pear wike lyn ien fan ús wethâlders, Johannes van der Pal, oanjûn hat om stopje te wollen.

Durk Stoker is opgroeit op ‘e Jouwer en is in polityk persoan mei in soad ûnderfining. Sa wie der oant de ferkiezings fan novimber 2017 FNP wethâlder yn ús buorgemeente Súdwest-Fryslân. Fierders is Durk Stoker foarsitter fan de landelike party OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie; wêrt’t de FNP ûnderdiel fan útmakket) en is der op it stuit fraksjefoarsitter fan de FNP yn Súdwest-Fryslân.

“Binnen ús party binne we tige bliid mei Durk Stoker, it is de goeie persoan op it goeie momint”, sa’t bestjoersfoarsitter Wouter Wouda dat neamt. Mei Durk Stoker as betûft persoan kin ek it kollege neffens de FNP goed fierder. Sa nimt de FNP ek dizze bestjoersferantwurdelikens wer op har.

Meikoarten sil Durk Stoker as wethâlderskandidaat foarlein wurde oan de gemeenteried, dy’t it lêste wurd hat yn de beneaming.

Post Author: admin

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *